zaterdag 18 december 2010

Earbetoan oan Jelke Bos

It is no al wer in wike lyn dat myn baas my it boek Tinzen oer it libben en oer de dea fan Jelke Bos yn poaten joech. Ik haw it daalks en yn ien rek útlêzen. Ik moat sizze, it boek wol my mar net loslitte, hat my yn 'e besnijing. Hoe komt dat sa, haw ik mysels ôffrege. No, Jelke hat my de eagen iepene, oer it wêzen fan my as hûn, oer de sin fan in hûnelibben en oer de relaasje tusken myn baas en my. Ik stie der sels net faak by stil mar no wit ik dat it goed is om dat krekt wol te dwaan. Jelke hat dat sa moai ferwurde: 'Foar in kweade hûn moatst fuortrinne, mar foar dyn eigen tinzen nea'.
Wy hûnen kenne gjin helden. De iene hûn is net better dan de oare; wy binne allegearre gelyk. Mar stiekum is Jelke Bos myn held. Ik sil dat fierder net uterje, mar yn gedachten haw ik in foto fan him neist myn koer stean. Neist dat Jelke my oan it tinken setten hat, bin ik ek jaloersk op  'm. Syn eigensinnichheid, syn lak hawwe oan alles om him hinne en benammen oan syn baas, it binne eigenskippen dy't ik sels graach wat mear hawwe soe.
Hat dat ferskil yn eigenskip ek te krijen mei it feit dat ik noch midden yn it libben stean en dat Jelke oan ‘e ein fan sines stie doe’t er syn gedachten oan it papier tabetroude? Of komt it om't ik krekt in nij tehûs haw? Miskyn beide wol, mar it sit ek wol wat yn myn aard, wol opstannich fiele, mar dêr net echt foar út doare te kommen. Sa soe ik myn baas ek noait omkoal neame doare, sa't Jelke dat wol die. No wie dêr ek wol reden ta, benammen fan myn eachpunt út. Omkoal moast neat hawwe fan hûnen dy't gjin labrador wienen. Hy wie wat dat oanbelanget in echte rasist, mar dit even tusken twa heakjes. Ik ken myn baas noch net goed genôch om te witten oft hy ek de namme omkoal fertsjinnet. Hy hat no alle oandacht foar my, mar hoe sil dat takom moanne, takom jier wêze? Wy sille it sjen, mar mocht it sa wêze dat myn baas in like grutte omkoal is dan Jelke’s baas, dan sil ik dat oan de ein fan myn libben noch grif net doare te sizzen.



Bron: eigen collectie


Troch Jelke harkje ik no ek oars nei de diskusje by my thús oer myn namme. Ik hjit Fanny, wat is dêr no mis mei, soenen je sizze? Nee, sy fine dat ik sa nedich in oare namme hawwe moat. Ik haw al hiel wat de revu passearjen heard, de iene fine se noch moaier dan de oare: Esmée, Famke, Froukje, Flappie, Foekje, Juliana en noch in pear mear. En dan de útlis dy't se foar de nammen jouwe. Juliana fan Julianadorp, om't ik dêr in skoft wenne haw. En dan Foekje, ynearsten nei Foekje. Ferhaal fan in aventoerlik hûnelibben fan Rink van der Velde en Anjo Mutsaars. Mar ik hear se ek praten oer Fanny Blankers-Schoen en Foekje Dillema, en dat dizze froulju harren beiden yn harren grêven omkeare soenen as sy hearre soenen dat ik fan Fanny Foekje wurdt. Wêrom soene je dat dan wolle, freegje ik my ôf, mar sy fine it geweldich dat se op sokke gedachten komme of hearre fan kollega's. Ik doch mar krekt as hear ik it net, mar ik hear it fansels wol en it docht wol wat mei my. Mar ja tink ik dan, wat seit in namme no? Hielendal neat. Ik hear it oan de stim fan myn húsgenoaten wol oft se it tsjin mekoar of tsjin my hawwe. Tsjin my prate se mei in hegere stim en mei langere úthalen. De namme hear ik net iens nei. No haw ik al lûden heard dat de namme dochs Fanny bliuwe sil. Sy kinne it nammentlik net iens wurde oer in oare. Ik wachtsje it mar ôf want Jelke wynt der gjin doekjes om: '(....) in minske bliuwt in minske, kinst him noait fertrouwe'.

Noch wat oars. Om't se my, in folwoeksen hûn fan seis jier, noch fan alles leare wolle, sille wy begjin takom jier nei in hûnekursus. Wêrom is my in riedsel. Ja, it soe ek goed wêze foar de bân tusken de baas en my. No, ik leau der neat fan. Ik haw oare hûnen der ek wol oer heard: weismiten tiid en jild. Dan bin ik ek noch wer safolle jûnen kwyt. Mar sy hawwe blykber jild oer. Dêr koenen se dochs better wat lekkere woarsten foar keapje, soe ik sizze.
De baas probearret my no trouwens ek al dingen te learen. Nim it oerstekken fan in dyk. Myn baas wol perfoarst dat ik sitten gean foar't wy oerstekke. As ik dat dien haw en hy my komplimintearre hat, sjocht er alle kanten út. Wêrom wit ik net want der is neat te sjen. Hy praat dan tsjin my: 'Komme der ek auto's of fytsen oan Fanny?'. 'Wat tinkst sels?', tink ik dan. It is sá rêstich op ús kuierrûte; as ik al wat sjoch dan is it in oare hûn, in kat of in knyn.
Ik lit him mar prate. It komt der yn alle gefallen op del dat ik de baas de baas bin, sa fiel ik it. En dat haw ik te tankjen oan Jelke Bos.
Sa, no jou ik my earst mar wer ris del. Dan kin de baas ek wer blogge.

P.S. Jelke is net mear, ik hie graach mei him yn 'e kunde kommen. Ik haw noch besocht mear boeken fan him te pakken te krijen, mar dat is net slagge. Dit sil - spitigernôch - grif syn earste én lêste boek west wêze.

2 opmerkingen:

  1. Bêste Fanny,

    Asto graach wolst dat dyn namme bliuwt sa as er is, dan kin ik dy oanriede om allinne nei dy namme te lústerjen. Sa gau as se besykje dy mei wat oars oan te sprekken dochst krekt as hearst neat. Dat sil se leare!
    En as se it hawwe oer Fanny Blankers-Schoen, dan meie se earst sels noch wolris op kursus. Dy Fanny koe op har skuon wol hiel hurd rinne, mar har famkesnamme wie dochs echt wol Koen!

    Groetnis fan Bijke út 'e Wâlden

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Bêste Bijke,

    Bedankt foar de tip. En wat dy namme oanbelanget, dat is goed datst it even meldst. No seit myn baas dat ik him net goed ferstûn haw. Mar dat binne smoesjes fansels. Ik ferstean him tsien kear better dan hy my.

    Fanny

    BeantwoordenVerwijderen