maandag 11 oktober 2010

23dingen

'Soesto ek coach wurde wolle foar 23dingen.nl?', waard my in pear moanne lyn frege? No bin ik gjin Twitterder, Flickerder of sokssawat, dat myn reaksje wie foarsichtich. 'In soad tiid kostet it net. Rekkenje op in oere per wike foar it sels dwaan fan de opdrachten en as der guon út dyn team in fraach hawwe, ja dan silst dy beäntwurdzje moatte'. Ik haw 'ja' sein.
No fan 'e moarn. Elkenien krijt útlis oer it programma foar de kommende moannen. De coaches wurde troch Rob Coers spesjaal tasprutsen mei de folgjende warskôging: 'Jullie gaan zware tijden tegemoet'. Hy laket derby, mar it is dúdlik dat it mienens is. It sil mear tiid kostje dan ik tocht hie.
Ik bin bang dat ik oan de wurden fan de oppercoach mear wearde takenne moat.
Wy sille it sjen.

3 opmerkingen:

  1. In eigen reaksje om't ik my oars net abonnearje kin op RSS-feeds.

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Help!!! Ik voel me erg vreemd omdat ik niet kan lezen wat je schrijft. Weet je niet een vertaalsite? Of ga je tweetalig schrijven?
    :-)

    BeantwoordenVerwijderen
  3. Het is maar goed ook dat je het niet kunt lezen. Oh, nu wil natuurlijk helemaal weten wat er staat. Maar of er een vertaalsite is? Ik zou het zo niet weten.

    BeantwoordenVerwijderen